O / Ornaris / Skynsel fan moane ljocht troch pynbeamen
It moanljocht skynt fel Gjin stjêr om him hinne Inkeld syn tsjuster ljocht De refleksje fan de sinne
Mei beswitte lea rin ik Troch de iiziche winter kjeld Fol oertsjoeching nei myn eindoel Yn dit deade neijiers geweld
Snie en dea bin rûnom my De kjeld skuort myn beulch Oan pún De ieniche wei út dit Helhiemslân Is it staakjen fan myn gestrún
Tusken kosmos en kaos Hingest doe yn Fel himmel ljocht by jûntiid o sa skjin Oanfjurre troch flammen en sinne skyn
Beamen besneid en iiziche wyn Wetterkjeld Dat houd my fyn
It tinken oan waarmte Gefoel fan sinneskyn Ea in ylúzje Wylst ik ferdwyn
Stoareachjend ferlies ik hjir it wollen Neat sit my mei Dwylsins tinzen yn myn holle De flammen dôfje
Felíne goadinne Nim my mei Siz net dat myn stoel Al is fersein
De flam dy dôfet Fiel my ferslein
De tinzen betiize troch it himmellichaam Sa kâld syn ljocht Dochs troch flammen hjir brocht Myn striid is oer Nea wer libbensnocht. Teksty umieszczone na naszej stronie są własnością wytwórni, wykonawców, osób mających do nich prawa. |
|