Krij no jim hoarnen op en set se oan de strôt It bier sil floeie eltse dei De wylde weagen boartsje mei ús grut skip 't Skom yn it burd en drinke sil wy
Drink! [Heu!] Drink mei ûs mei!
Skerpje jim saks, jim bile en jim grut swurd Elkenien sil it bestjerre fuortoan Woeste krigers fan 'e tongergod Hjir kom de Noardseegermaan
Fjochtsje! [Heu!] Fjochtsje sil wy!
Chorus: In wyld, grut burd en sterke earmen It wurk yn d' ierde en frijheid op see Readblond hier en blauwe eagen Soannen van Inguz en dochters van Frea It griene gers, de ynwylde baren En yn de fierte de hoarizon It Fryske lân, de Fryske froulju Der hâlde wy Germanen wol fan
Wy woarmje ús by fûle fjurren Dy't wy stoke fan 't bêste hout En drinke der fan 't skomjend goudgiel focht It godlike guod waard hjir by ûs broud
Drink! [Heu!] Drink mei ûs mei!
Mei de dronk yn de kop stoart ik my in de striid Fjochtsjend fol haat en fan razernij Wij frije Friezen sille nea knibbelje Noardseegermanen bin ivich frij
Fjochtsje! [Heu!] Fjochtsje sil wy!
Deadsje! [Heu!] Deadsje sil wy!
Chorus
Mei de goaden oan ús side Fjochtsje wy en raze wy lûd Nea sille wy ferlieze De Noardseegermanen slagje ek hjoed
Wy drinke dan it bloed út har skedels Dreame oer it grutsk Walhalla Sjonge lieten foar ús goaden En gean dan nei de skippen ta
Oer de see en troch de tonger D'r is neat mear dat ús tsjinhâld We gean fierder my ús stribjen It oernimmen fan de wrâld
Wy gean dan fierder my ús libben It libben dat ús it bêste leit Wy laitsje en drinke dan mei elkoar
Soannen fan Inguz, ús heit!Teksty umieszczone na naszej stronie są własnością wytwórni, wykonawców, osób mających do nich prawa.